Greidhoekekompetysje Easterein-Mantgum
Wie it by de thúswedstriid tsjin Easterein noch kâld en waaide it hurd, yn Easterein wiene de omstannichheden folle better. It sintsje lake de keatsers ta, it waaide minder hurd dus koe it oangean. It pakte ek no wat oars út dan dat der waard ferwachte. Koe men Wilco yn de earste wedstriden yn de omlizzende doarpen roppen heare, sa op de helte fan de kompetysje wurdt hy wat mylder. Dit alles hat te krijen mei it risseltaat. Ek no koene de senioaren gjin potten brekke en gie de striid ferlern mei 5-1 en 6-4. Ek de junioaren, Jasper, Jelle en Johannes, ferlearen en wol mei 5-2 en 6-0. Hoewol der aardich keatst waard wie Easterein foar harren krekt in maatsje te grut. De froulju, Joke, Anke en Ilse wiene ek út op revanche nei de ferliesparty tsjin Wommels. Hoewol it in gelyk opgeande striid wie, lyke it der dochs efkes op dat hja ferlieze soene. Tot 3-3 gong it gelyk op en dernei rûn Easterein út ta 5-3, mar troch slim te keatsen waard it 5-5. en op 2-6 sloech Ilse de bal boppe en wie de striid dien. In spannende wedstriid wêr de measte earsten op 6-6 útspyle waarden. Spytichernoch waard oer it gehiel wer fan Easterein ferlern mei 2-1 en binne we noch hieltiid de lantearnedrager yn de nije kompetysje. De publyke belangstelling kin wol wat better. It is de muoite wurdich om dizze wedstiid mei te meitjen, der is striid, moai tuskenspul en de keatsers geane der foar. Kommende woansdei, 9 juni is al wer de lêste thúswedstiid tsjin Easterlittens. Ik soe sizze kom dan allegeare nei it keatsfjild en belibje sels de sfear fan de greidhoekekompetysje. Ek foar de keatsers wurket in protte publiek as in soarte fan tolfde man by it fuotbaljen. Tot woansdei.
Geplaatst op 03 June 2010